De namme

Wêrom dy namme? Omdat in bûsdoek alles te krijen hat mei ús earste brou-aventoer. Op 8 oktober 2016 setten wy útein. Fol ferwachting stiene wy mei syn fiven yn de keuken om ús earste bier te meitsjen. In grutte panne stie op it fjoer mei dêryn de dampende wort, in mingsel fan mout en wetter. Mar wêrmei moasten wy dat souje?

As it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin, seit in Frysk sechje. En sa waard in bûsdoek ús earste seef. Dêrmei ûntstie net allinne ús earste bierke, mar ek ús earste brouferhaal. Want dêr giet it by Bûsdoek om: freonskip en ferhalen.

Ferkeapje

We kunnen ons goed voorstellen dat jij ook graag Bûsdoek wilt verkopen. Laat het weten, dan nemen we zo snel we kunnen contact met je op!