Wiisprater – Wyt
Dit goudgiele bierke is fris en fruitich. Troch in breed ferskaat fan spesjale yngrediïnten hat dit bierke in moaie folwoeksen smaak. In goeie trochdrinker, dy’t soarget foar in soad wiis praat.

Yngrediïnten
Pilsmout
Palemout
Ljochte tarwemout
Caramel pilsmout
Hjouwerflokken

Admiralhop
Mosaichop

Sinesappelskyl
Koriander

Eigenskippen
ALC 6,2 %
EBC 10
IBU 31

Drinktemperatuer
7-8 graden

Iekker foar by…
Lytse hertlike buorrelhapkes, BBQ mei pikante pyk, ribs of shaslik

 

Bestelle

Nachtdraver – Amber
As it nachtwurk wurdt, jout dit bier krekt dat spesjale. De swiete karameltoanen en it bokkige karakter binne ûntstien troch in kombinaasje fan stadich drûche moeten. Dêrneist soarget in ferskaat fan Amerikaanske hoppen foar in licht bitter aksint. Koartsein, in moai spesjaalbier om de nacht mei troch te draven.

Yngrediïnten
Pilsmout
Palemout
Licht tarwemout
Munchenermout
Ambermout
Viennamout

Bullionhop
Citrahop
Cascadehop

Eigenskippen
ALC 7,1 %
EBC 48
IBU 41

Drinktemperatuer
7-8 graden

Iekker foar by…
Drûge fruit sa as figen, stadich gearmakke stooffleis of pulled pork

 

Bestellen

Trochsetter – Swier Blûn
As de útdaging swier wurdt, stean de wiere trochsetters op en soargje foar sukses. Dit swier blûn bier is hearlik foar of nei de útdaging. Hy is troch de tafoege huning (fan eigen grûn) hearlik sêft, mar jout mei de kardemom wer fjoer yn ‘t liif om yn elke situaasje troch te setten.

Yngrediïnten
Pilsmout
Viennamout
Ljochte tarwemout
Hjouwerflokken

Saazhop
Mosaic-hop
Kardemon en huning

Eigenskippen
ALC 8,5 %
EBC 14
IBU 23

Drinktemperatuer
7-8 graden

Iekker foar by…
Âlde tsiis, BBQ-fleis

 

Bestelle

Kreftpatser – Stout
Foar de koafje net eamelje. En ek net foar dizze stout. Want dizze is sa swart as kofje, mei in soartgelikense smaak troch it gebrûk fan roastere moutsoarten. Us spesjale yngrediïnt soarget foar sûkelade toanen. Sêft, drûch, bitter en swier yn de alkohol. Mei rjocht in Krêftpatser.

Yngrediïnten
Palemout
Munich mout
Sukelarje palemout
Cara munich type 1
Cara special B
Carafa type 3
Gebrande gerst
Sukelarje mout
Hjouwer

Pacifica hop
Northern Brewer hop
Cacaohusks

Eigenskippen
ALC 9,8 %
EBC 382
IBU 40

Drinktemperatuer
10-12 graden

Iekker foar by…
Donkere sûkelade, Bonbons, Caramel, sûkelade of woartel taart

 

Bestelle

Droktemakker – New England IPA (NEIPA)
Libje is mear as ite en drinke. Mar in moai spesjaalbier as dizze NEIPA jout wol dat bytsje ekstra nocht. Dit bierke hat mei 7 ferskate mouten, 4 krêftiche hoppen en passyfrucht in hearlike folle tropyske smaak mei in licht bitter aksint. Dizze droktemakker steat garant foar in soart libben yn de brouwerij.

Yngrediïnten
Palemout
Pilsmout

Ljochte tarwemout

Caramel pilsmout
Tarweflokken

Hjouwerflokken

Simcoe hop

El Dorado hop
Wai Mea hop
Summit hop

Passyfrucht

Eigenskippen
ALC 8,1 %

EBC 13

IBU 44

Drinktemperatuer
7-8 graden

Iekker foar by…
Prosciuto, drûge ham, hamburger, pizza

 

Bestelle

Rûchhouwer – Quadrupel mei jeneverbei en tonkabeannen (Bourbon infused)
It gie wer mâl yn de brouwerij. We hawwe alle kanten opslein mei 6 ferskate mouten, 3 soarten hop en hearlike krûden. It folle karakter fan de mouten wurdt ferdjippe mei bitterswiete jeneverbei, swiet-hout en aromatyske tonkabean mei toanen fan fanylje, amandel en kaniel. Dit alles is ôfmakke mei in swymke bourbon. In wiere smaaksensaasje. It gie ûs rûch genôch…

Yngrediïnten
Viennamout
Munich light chateau mout

Roggemout

Cara Hell mout
Special B mout

Pale chocomout
Northern Brewer Du hop

Hallertau Mittelfruh hop
Saaz hop
Swiet-hout
Jeneverbei
Tonkabeanen
Bourbon
Palmsûker

Eigenskippen
ALC 8,7 %

EBC 94

IBU 61

Drinktemperatuer
8-10 graden

Iekker foar by…
Hertebyfstik, spareribs, blaue tsiis

 

Bestelle

De namme

Wêrom dy namme? Omdat in bûsdoek alles te krijen hat mei ús earste brou-aventoer. Op 8 oktober 2016 setten wy útein. Fol ferwachting stiene wy mei syn fiven yn de keuken om ús earste bier te meitsjen. In grutte panne stie op it fjoer mei dêryn de dampende wort, in mingsel fan mout en wetter. Mar wêrmei moasten wy dat souje?

As it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin, seit in Frysk sechje. En sa waard in bûsdoek ús earste seef. Dêrmei ûntstie net allinne ús earste bierke, mar ek ús earste brouferhaal. Want dêr giet it by Bûsdoek om: freonskip en ferhalen.

De brouwers

Wy binne Goffe, Frans, Theo, Jan Harmen en Janko, freonen sûnt de jierren ’90. Yn it Fryske Surhûzum troffen wy elkoar by it kuorbaljen en op skoalle. Mar geandewei seagen wy elkoar minder. Oant wy besleaten it roer om te goaien en in nije passy te dielen: it brouwen fan bier.

Nei dy achtste oktober fielden wy it allegear: wy hawwe goud yn hannen. Letterlik. It entûsjasme groeide mei de wike, dat wy túgden fuort ús grainfather oan, in semy-automatyske profesjonele tsjettel. Sels freonen en famylje woene priuwe, de omset waard hieltyd heger. Dat smakke nei mear! Om oan de fraach te foldwaan, hawwe wy Stifting Brouwerij Bûsdoek oprjochte.

In feestje

Bist op syk nei in kado en wolst orizjineel út ’e hoeke komme? Dan bist by Bûsdoek oan it goede adres. Us bier is bysûnder gaadlik as kado, kadopakket of gewoan samar. Mail ús foar de mooglikheden! Bestellingen fan 12 fleskes ôf besoargje wy fergees by dy thús!

 

Bestelle

Ferkeapje

We kunnen ons goed voorstellen dat jij ook graag Bûsdoek wilt verkopen. Laat het weten, dan nemen we zo snel we kunnen contact met je op!